Op snein 19 juny wurdt yn Kimswert in grut tal famyljeleden, oanhang en oare belangstellenden ferwachte op de Famyljedei fan Grutte Pier. Fan 11.00 - 17.00 oere is der fan alles te beleven yn it doarp: optocht, muzyk, ferhalen, eksposysje, histoaryske kuiertocht, diskemerk, berneaktiviteiten en noch folle mear. Ynformaasje dêroer is te finen op www.peergroup.nl
Oan it begjin fan de dei is der in spesjale Grutte Pier tsjerketsjinst, om 9.30 oere yn de Laurentiustsjerke. It tema 'Frijheid' ferbynt it libben fan Grutte Pier mei it ferhaal fan Simson en de wurden fan it evangeelje. Ek binne der brieven fan de mem fan Grutte Pier, skreaun troch it Grut Frysk Boerinnekoar, yn it ramt fan de kommende iepenloftfoarstelling oer it libben fan Grutte Pier. Foargonger yn de tsjinst is ds. Tytsje Hibma en muzikale meiwurking is der fan Menzo Rohn (oargel/piano). Elkenien is wolkom, om 9.30 oere yn de Laurentiustsjerke yn Kimswert. Foar wa't mei de auto komt, binne der parkearplakken bûten it doarp.